Kamminga goud en sulver op EK

01 aug 2011 - 22:15

Manon Kamminga fan Haulerwyk is moandeitejûn yn Heerde Europeesk kampioen skeelerjen op de 1000 meter wurden. Kamminga waard by har oerwinning holpen troch ploechgenoate Bianca Roosenboom. De Dútske Jana Gegner waard twadde. De brûnzen medalje gie nei Erika Zanetti út Italië.

Mei de ôflossingsploech helle Kamminga in sulveren medalje. Mei Bianca Roosenboom en Mariska Huisman moast se allinne de Dútske ploech foargean litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)