Strengere hypoteekregels

01 aug 2011 - 17:19

As je in hûs keapje wolle, is it net mear sa maklik om in fikse hypoteek ôf te sluten. Fan moandei ôf binne de regels folle strenger wurden. Sa is it net mear mooglik om in folsleine ôflossingsfrije hypoteek ôf te sluten. En boppe-op it bedrach fan it hûs mei net mear as tsien prosint fan de wearde fan it hûs byliend wurde.

De Kredytbank is bliid mei de strengere hypoteekregels. De lêste jierren krigen in soad minsken mei in keapwenning finansjele problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)