5600 euro foar 'bolletjesfyts'

Foto: Tour for Life
De fyts fan tourheld Johnny Hoogerland hat 5600 euro opbrocht. De fyts is feild foar it goeie doel. Foar de start fan it kritearium fan Surhústerfean wurdt de fyts oan de heechste bieder oerlange. Hoogerland docht dat sels. It jild foar de fyts is foar Tour for Life. Dat is in ynternasjonale hurdfytstocht foar Artsen zonder Grenzen.
De heechste bieder is Arjan Teeuwen. Hy jout de fyts oan syn heit dy't syn hiele libben foar him klearstie.