Ballonfeesten goed slagge

01 aug 2011 - 10:57

De ballonfeesten op 'e Jouwer hawwe 25.000 beteljende besikers lutsen. De organisaasje is tefreden oer it ferrin fan it evenemint. Allinnich op freedtejûn koe fanwege it waar net flein wurde. Op alle oare dagen giene alle ballonnen de loft yn.

It hichtepunt fan de ballonfeesten wiene de ballonnen dy't omheech gienen en de saneamde guozzeman. Dat is in deltafleander dy't mei guozzen om him hinne in formaasje foarmet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)