Frou lestich fallen op Flylân

01 aug 2011 - 10:24

Foar it lestichfallen fan in frou op Flylân hat de plysje in 24-jierrige ynwenner fan Arnhem oanhâlden. It 18-jierrige slachtoffer út Ljouwert stjoerde de man fuort doe't er har lestich foel. Letter op de jûn kaam er wer op har ôf en bedrige har mei de dea.

De frouw warskôge de plysje. Omdat der in goed sinjalemint fan de man wie, waard troch meardere plysjes op it eilân nei de man útsjoen. Yn de rin fan sneintemiddei waard er oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)