Brommerrider rydt te hurd

01 aug 2011 - 10:18

In 18-jierrige brommerrider út Frjentsjer is sneintenacht yn syn wenplak betrape op te hurd riden. De man hie in snelheid fan 62 kilometer op 'e teller te stean, wylst er mar 30 mocht.

Hy moast troch de plysje achterfolge wurde om oanholden wurde te kinnen. Syn rydbewiis is ynnaam, ek hat er in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)