Sturt fan helikopter brutsen

01 aug 2011 - 09:54

In 48-jierrige piloat út Ljouwert hat snein syn helikopter slim skansearre doe't er dy te hurd op de grûn delsette. It ûngelok wie op Lelystad Airport.

De Ljouwerter siet tegearre mei in Dútske ynstrukteur yn de helikopter. By it ûngelok bruts de sturt fan de helikopter. De beide mannen kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)