Partoer Koelmans wint yn Arum

31 jul 2011 - 17:21

It partoer fan Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra is winner wurden fan de frije formaasje keatspartij yn Arum. Yn in net al te spannende finale wienen se mei 5-2 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.

It wie al wer de achtste oerwinning fan dit seizoen foar it partoer fan Koelmans. De lytse preemje wie foar it trio Afke Kuipers, Wiljo Sijbrandij en Bianca van der Veen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)