Drachtster slacht famke

31 jul 2011 - 15:16

De plysje hat sneontenacht op de Súdkade yn Drachten in 25-jierrige man út dat plak oanholden foar mishanneling. Hy wie in hoarekasaak útset nei't er in famke slein hie.

Doe't de plysjes de man fûllearren, fûnen se in meske yn syn klean. Dat is yn beslach naam. De fertochte is foar fierder ûndersyk fêstset.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)