H'fean wint mei 5-4 fan Griken

31 jul 2011 - 15:12

Hearrenfean hat de lêste oefenwedstryd foar de kompetysje mei 5-4 wûn fan de Grykske kampioen Olympiakos Piraeus. Yn in healwize wedstryd seach Hearrenfean lang tsjin in achterstân oan. Mar yn it lêste part fan de twadde helte bûgden de Feansters in 4-2 achterstân noch om yn in oerwinning.

De doelpunten foar Hearrenfean kamen op namme fan Luciano Narsingh, Filip Djuricic, Viktor Elm, Michel Breuer en Bas Dost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)