Oerfal op snackbar Tsjummearum

31 jul 2011 - 14:50

Oan de Buorren yn Tsjummearum is sneontejûn in snackbar oerfallen. Twa manlju kamen de saak yn en bedrigen de 44-jierrige eigner mei in bile en in mes.

Nei't se it kassalaad yn hannen krigen hiene, naaiden se út yn in auto. De plysje hat noch nei de beide manlju socht, mar koe se net fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)