Amels kampioen heechspringen

31 jul 2011 - 14:26

Douwe Amels fan Drachten is Nederlânsk kampioen heechspringen wurden. Yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam wie in sprong fan 2.16 meter genôch om de titel op te easkjen. De nûmer twa kaam net fierder as 2.10 meter.

It is de earste kear dat Amels de titel pakt. Hy besocht ek noch om syn persoanlik rekôr fan 2.18 meter te ferbetterjen. Mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)