Westra twadde yn Stienwyk

Lieuwe Westra
Hurdfytser Lieuwe Westra is sneon as twadde einige yn it kritearium it Spektakel fan Stienwyk. De man fan Vacansoleil kaam op de streek krekt te koart op winner Tony Martin, mar bleau Bauke Mollema fan Rabobank wol foar. De Dútser Martin wûn yn de Tour de France de grutte tiidrit yn Grenoble.
Foar Westra moat it hichtepunt fan de kriteariums nei de Tour tiisdei komme. Dan wurdt de profronde fan Surhústerfean ferriden. Ek Pieter Weening stiet dêr oan de start.