Boat Omrop Fryslân poater

De rubberboat wêrmei't Omrop Fryslân fan it wetter ôf ferslach docht fan it skûtsjesilen, wie sneontenacht poater. De eigner fan De Woeste Piebe seach sneintemoarn dat de boat net mear op it plak lei dêr't er him fêstlein hie. Hy tocht dat er stellen wie en belle de plysje. Dy hoegde net yn aksje te kommen. De eigner fan in wenark by de Pikmar by Grou hie de boat driuwen sjoen en him fêstmakke. Fandalen hawwe de boat nei alle gedachten lossmiten.