July strieminne terrasmoanne

30 jul 2011 - 16:41

Hoareka-ûndernimmers mei in terras hawwe in strieminne julymoanne achter de rêch. Troch it kâlde en wiete waar bleaunen de stuollen leech. De omset sakke mei tsientallen persinten. Allinnich in goede augustusmoanne kin it seizoen noch rêde.

It strânpaviljoen by Harns hat 30% minder omset. Badhûs De Flevo by Makkum hat de earste wiken fan july de helte minder omset draaid as oars. De strân- en terrassaken sitte te springen om moai waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)