Ballonfeest gie freed oer

30 jul 2011 - 14:21

De ballonfeesten op 'e Jouwer giene freedtejûn net troch. De ballonnen koene de loft net yn fanwege it minne waar. Sawat tritich dielnimmers wiene klear foar de start. Mar neidat de earste ballon de loft yngien wie en de omstannichheden trochjûn hie, besleat de organisaasje om it oer gean te litten. It wie net fertroud om mei passazjiers te farren. De ballonfeesten binne noch oant en mei snein. Sneon en snein hawwe passazjiers noch in kâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)