Ljouwerter skelt plysje út

30 jul 2011 - 13:19

In Ljouwerter (21) is freedtenacht yn eigen stêd oppakt foar it útskellen fan 'e plysje. Earder dy jûn hiene buertbewenners mei de plysje belle fanwege lûdsoerlêst. Dy waard ek troch de man feroarsake. Plysjes warskôgen de man dat it út wêze moast.

Eefkes letter bellen de buertbewenners wer. De Ljouwerter foel ien fan de melders lestich. Doe't de plysje sei dat er fuortgean moast, begûn er te skellen. Dêrom is er oanhâlden. De man sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)