Taksy nimt rotonde ferkeardom

It ferkearsplein by De Jouwer (foto: Omrop Fryslân)
It rydbewiis fan in 51-jierrige taksysjauffeur út Ede is freedtejûn yn beslach naam. De man hie op it ferkearsplein by De Jouwer tsjin it ferkear ynriden. Dat smiet gefaarlike situaasjes op.
De sjauffeur sette de taksybus mei dêryn in man yn in rolstoel yn de middenberm oan 'e kant. Hy sei tsjin de plysje dat er de ferkearde ôfslach naam hie.