Rút ynsmiten en fjochterij

De plysje hat ôfrûne nacht in 52-jierrige ynwenner fan Wâldsein oanhâlden op fertinking fan mishanneling en fernieling. De man hie oan de Gravinnewei yn Terherne in rút fan in wenning ynsmiten. Dêrnei krige er rûzje mei de bewenners. Dat rûn út op fjochterij.
Omstanners warskôgen de plysje. Dy hat de man fêstset op it buro. De oanlieding foar de fernielerij is noch ûndúdlik.