Utrecht besjocht Bob Schepers

© Omrop Fryslân
Cambuurtalint Bob Schepers is freedtejûn besjoen troch scouts fan FC Utrecht. Schepers spile de hiele wedstriid mei tsjin Harkemase Boys. It kontrakt fan de linkeroanfaller rint nei dit seizoen ôf by de Ljouwerters. Schepers wol foarearst syn kontrakt by Cambuur noch net ferlinge.
Cambuur fersterket him mooglik mei Mohamed El Makrini. De middenfjilder hat in goede yndruk makke op de technyske stêf. 'Dit zou hem wel eens kunnen zijn', sei trainer Alfons Arts.