Boubedriuwen fallyt

Foechbedriuw Vaartjes yn Bantegea is fallyt. Dêrtroch krije achttjin minsken dien. Neffens de eigner is it bedriuw slachtoffer wurden fan de malêze yn de bou. It bedriuw hat it fallisemint sels oanfrege. In trochstart wurdt ûndersocht.
Foar oannimmersbedriuw Schoterland op De Gordyk wurdt meikoarten ek it fallisemint oanfrege. Dat seit it fakbûn FNV Bouw. Leden hawwe it fakbûn benadere. By Schoterland wurkje tweintich minsken.