Dupearren oplichter socht

29 jul 2011 - 20:51

De plysje siket dupearren fan in 29-jierrige oplichter út Eelde. De man is ferline wike oanhâlden yn Grins foar stellerij út in winkel. Hy is dêrnei oerdroegen oan de plysje Fryslân om't dy him socht foar oplichterij yn maaie en juny fan dit jier.

Twa Ljouwerters hawwe oant no ta oanjefte dien. Se waarden slachtoffer fan in babbeltrúk fan de man. Hy joech in telefoannûmer op, mar de eigner fan it nûmer wist fan neat. Dy persoan is troch tsientallen minsken belle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)