Karavan útbaarnd yn Wytmarsum

29 jul 2011 - 17:27
Utbaarnde karavan (Foto: www.stjoerder.nl)

In karavan op kemping Mounewetter yn Wytmarsum is freed folslein útbaarnd. De karavan fleach troch koartsluting yn 'e brân. Der wie op it momint fan de brân gjinien yn de karavan.

Fjouwer omstanners krigen reek ynaseme. Se binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)