Jonge fan it Amelân set

29 jul 2011 - 15:07

In 17-jierrige jonge út it Drintse Roden is freed fan It Amelân set. De jonge wie tongersdei mei twa freonen al fan de kemping set fanwege lûdsoerlêst.

Yn de nacht fan tongersdei op freed soarge de dronken knaap foar oerlêst yn in diskoteek op it eilân. Hy misledige de plysje. De jonge soe oant septimber oan it wurk op it eilân, mar hat fanwege syn gedrach ûntslach krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)