Keninklike Jeep yn Drachten

29 jul 2011 - 12:14

In Fryske ûndernimmer hat dizze wike in jeep, dy't earder fan Prins Bernhard wie, kocht. Dat hat er dien op in feiling yn Maarssen. De keaper, bêdefabrikant Dirk van der Meulen, hat der 24.000 euro foar betelle. It giet om in orizjinele jeep út 1945.

Van der Meulen is lid fan de klup fan eigners fan foertugen út de Twadde Wrâldoarloch, Keep Them Rolling. Hy hie al in jeep út 1942. Syn nije oanwinst sil fan freed ôf yn de winkel yn Drachten stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)