Boete foar ôfstekken fjoerwurk

Twa ynwenners fan Drachten fan 16 en 28 jier hawwe tongersdei in boete krigen foar it ôfstekken fan fjoerwurk. Twa plysjes hearden in lûde knal. Doe't se yn de rjochting fan it lawaai fytsten, seagen se dat de âldste Drachtster fjoerwurk ôfstuts.
Beide manlju waarden oansprutsen troch de plysjes. De Drachtsters hiene sân strikers en in babypylk by har. Nei't se it fjoerwurk ynlevere hiene, krigen in se in bekeuring.