Trije rydbewizen ynnaam

De plysje hat tongersdei fan trije minsken it rydbewiis yn beslach naam, omdat se fierstente hurd riden. In autobestjoerder út Schipborg waard op de Kwelderwei yn Kollumerpomp oanhâlden. Hy ried dêr hast twa kear sa hurd as de maksimum snelheid fan 80 kilometer.
In motorrider út Burgum waard oanhâlden omdat er op de rûnwei yn Feanwâlden 147 kilometer ried, wylst er 80 mocht. Yn Boarnsweach ried in motorrider 160 kilometer yn 'e oere.