Buertagint no ek op it wetter

De plysje set dit jier foar it earst in buertplysje yn op it wetter. Dy plysjeman folget de kommende wiken ferskate wettersporteveneminten, lykas it skûtsjesilen en de Snitswike.
Hy ûnderhâldt kontakten mei de wettersporters en jeugd, mar ek mei havenmasters, tafersjochhâlders, brêge- en slûswachters en kempinghâlders yn wettersportplakken. Op dizze wize kinne mooglike problemen al betiid oanpakt wurde, ferwachtet de plysje.