Ljouwerter mishannele

29 jul 2011 - 10:19

In man fan 20 jier út Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed mishannele yn syn wenplak. De plysje trof it slachtoffer oan yn de Prins Hendrikstrjitte. Syn holle siet ûnder it bloed.

De man sei dat er slein wie troch in groep jonges doe't er bûten foar in kroech stie te wachtsjen. De Ljouwerter is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)