Libbensferhalen optekene

29 jul 2011 - 09:38

Fan ûngefear 10 âlderen yn Súdwest- Fryslân wurdt dizze hjerst it libbensferhaal optekene yn in boek. Dat is mooglik no't it Oranje Fonds 19.000 euro jout oan in projekt fan Thússoarch Súdwest-Fryslân en wolwêzensorganisaasjes Timpaan en Miks.

Doel is dat frijwilligers mei de âlderen prate en har ferhaal opskriuwe. It boek komt net yn de winkel, mar is foar de âlderen sels, har bern, of bernsbern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)