Tsjerken wurkje gear

Minsken dy't yn Frjentsjerteradiel finansjele, praktyske of geastlike help sykje, kinne tenei oanklopje by in stichting fan 8 tsjerken yn de gemeente. Dy stichting hjit it Yntertsjerklik Diakonaal Oerlis.
Ynkoarten slute har ek noch 6 oare tsjerken oan. Oant no ta moasten de tsjerken allegear los fan inoar help biede, bygelyks oan âlderen dy't help nedich hiene by it ynfoljen fan formulieren, of hûshâldings dy't troch sykte yn finansjele need sieten.