Strengere regels plezierboaten

28 jul 2011 - 20:24

De strengere regels dy't de Europeeske Kommisje ynfiere wol foar de útstjit fan plezierboaten hoege gjin grutte gefolgen te hawwen foar Fryske werven. Dat tinkt branzje-organisaasje Hiswa. Europa is dwaande mei in wet dy't bepaalt dat motors fan plezierboaten 20% minder stikstof-oksiden en ek koalwetterstoffen útstjitte meie.

Neffens de Hiswa binne it benammen de bedriuwen dy't motors bouwe dy't mei de nije wet te krijen hawwe en net de werven sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)