Fryslân dochs net losgroeven

28 jul 2011 - 19:49

De 19-jierrige jonge út Stadskanaal dy't Fryslân losstekke en fuortdriuwe litte woe, hat syn plan ynlutsen. De jonge hie fia Facebook op ynternet oproppen om mei te dwaan oan de aksje. Hy woe op 19 augustus mei safolle mooglik minsken oan it graven slaan om Fryslân sa los te meitsjen fan it fêste lân. Yn in koarte tiid krige er mear as 5500 reaksjes.

Neffens de jonge waard der ek tige serieus reagearre. Omdat him dat te fier gie, lit er de aksje oergean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)