Dyk by Snits fersakke

© Omrop Fryslân
Op de ôfslach East by it Van der Valkhotel yn Snits wurdt tongersdei in needreparaasje útfierd, omdat de dyk fersakke is. Neffens Rykswettersteat is de ûnderlaach fan de dyk dêr net goed. De fersakking is te slim om oer de boufak hinne te tillen.
Yn ferbân mei it wurk is de ôfslach East tydlik ôfsletten. Der wurdt noch útsocht oft de oannimmer by it oanlizzen fan de nije dyk in flater makke hat.