'Fryslân losstekke en nei see'

© Omrop Fryslân
In Grinslanner wol de provinsje Fryslân losstekke en yn see triuwe. It begûn as in grap op de sosjale- mediasite Faceboek. Mar al mear as 5000 minsken hawwe oanbean te helpen. Fryslân moat tusken de Waadeilannen troch fier de Noardsee op driuwe, sa is it idee.
Inisjatyfnimmer Sibren Plieger (19) seit dat er neat op Fryslân tsjin hat. Hy wie gewoan benijd hoefolle minsken harren fine koenen yn syn idee. Op 19 augustus sil it heve.