Thúsbefalling net mear populêr

Hieltyd mear froulju wolle net mear thús befalle. Dat is in lanlik byld dêr't Fryslân ek oan foldocht. De froulju kieze foar in befalling yn it sikehûs, dêr't by komplikaasjes fuortendaliks yngrypt wurde kin. Boppedat is yn in sikehûs pine-bestriding foarhannen, en dêr kieze oansteande memmen ek hieltyd faker foar.
Sikehús MCL yn Ljouwert kin by grutte drokte oare keamers frijmeitsje om te brûken foar de ferloskunde.