Fertochten Amelân langer fêst

Twa ynwenners fan it Gelderske Deelen dy't fertocht wurde fan stellerij mei geweld, moatte langer yn de sel bliuwe. De twa jonges fan 16 binne freed yn Ballum op It Amelân oanhâlden. Se hearden by in groep dy't yn in kampearbuorkerij sliepte.
Nachts binne de jonges de keamer fan in like-âlde plakgenoat yngien. Se mishannelen him en easken jild. Dat hawwe se krigen, mar dyselde nachts noch binne se oanhâlden. Se binne oerbrocht nei in sel oan de fêste wâl.