Oannimmer Bouma fallyt

28 jul 2011 - 12:28

Oannimmersbedriuw Bouma fan De Lemmer is fallyt. Santjin minsken krije dien. It bedriuw makket wâlbeskoeiïngs, mar hie te min opdrachten en tefolle skulden. Troch de minne merk wurke Bouma ûnder de kostpriis en dat smiet net genôch op.

Neffens kurator Van der Meulen is de kâns lyts dat in oar it bedriuw oernimme wol. In trochstart is dan net mooglik. De masines fan it bedriuw wurde feild op ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)