Konifearebrannen oplost

28 jul 2011 - 12:08

De plysje tinkt mei de oanhâlding fan fjouwer Drachtsters fyftich brânstiftings oplost te hawwen. Tusken febrewaris en july waard yn Drachten op fyftich plakken konifearen yn 'e brân stutsen. De fertochten fan 16, 18, 20 en 21 jier hawwe tweintich saken bekend. De plysje kaam de dieders op it spoar nei buertûndersyk en tips.

De brannen soargen foar in soad ûnrêst. Dêrom is mei seis resjersjeurs grut op 'e saak ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)