Lestige Assener oppakt

Op It Hearrenfean is woansdeitejûn in man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan bedriging. De plysje krige tips dat de 53-jierrige ynwenner fan Assen mei de auto oer de dyk slingere en sa no en dan oer de stoep ried. Doe't er dêrop oansprutsen waard, waard er lilk. Omstanners hienen heard dat er plysjes delsjitte soe.
De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy hie gjin wapen by him. Underweis nei it buro misledige en bedrige er aginten. De Assener is fêstset.