Hurdriders yn Skarsterlân

28 jul 2011 - 10:55

De plysje hat op trije plakken yn Skarsterlân kontrolearre op te hurd riden. It giet om diken dêr't klachten oer te hurd ridend ferkear oer komme.

Sa waard kontrolearre op de Haskerfjildwei op 'e Jouwer. Dêr mei maksimaal 50 riden wurde. Fan de goed 700 bestjoerders rieden 145 te hurd. Op de Geert Knolwei op 'e Jouwer en op de Tramwei yn Broek wiene ek kontrôles. Dêr waarden ek in soad oertredings fêststeld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)