Botsing dronken scootmobiler
In 41-jierrige bestjoerder fan in scootmobyl hat woansdei yn Ljouwert in fuotgonger oanriden. Dat wie op de Hoekstersingel. It slachtoffer hie ferwûnings oan 'e skonk. Hy moast mei de sike-auto nei it sikehûs brocht wurde.
De bestjoerder fan de scootmobyl hie tefolle drank op. Hy krige in proses-ferbaal en in riidferbod fan njoggen oeren.