Oerfaller kasino noch net pakt

Foto: Omrop Fryslân
De plysje hat de oerfaller fan it kasino op 'e Lemmer noch net oanhâlden. De oerfal wie woansdeitemoarn tsjin tolven. Under bedriging fan in fjoerwapen easke in man mei in helm op jild fan in meiwurkster. De man naaide dêrnei út op in scooter.
Op 'e Lemmer waard even letter in 19-jierrige Lemster oanhâlden. It die bliken dat er neat mei de oerfal út te stean hie. In boargernetoprop smiet ek neat op.