Natuerkamp by Bakkefean

28 jul 2011 - 09:50

Tweintich bûtenlânske frijwilligers wurkje op dit stuit yn de natuer by Bakkefean. Se binne dwaande mei it ûnderhâld fan heide en bosk. It frijwillige fakânsjewurk is organisearre troch de Stichting Internationaal Vrijwilligerswerk (SIW). De dielnimmers komme ûnder oare út Japan, Taiwan, Kanada, Australië en Spanje. Boskwachter Denny Kroeze fan Steatsboskbehear begeliedt it wurk.

Yn augustus is yn it noarden fan Fryslân ek sa'n SIW-kamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)