Goed jier foar greidefûgels

27 jul 2011 - 18:03

It jier 2011 wurdt in goed jier foar de greidefûgels. Fan hast alle soarten wiene der mear briedpearen as ferline jier. Natuermonuminten hat yn april syn briedgebieten aardich wiet hâlde kinnen en dêr rekken de fûgels dan ek al betiid oan de lêch. In soad jonge fûgels binne útflein, benammen fan de skries en de tsjirk.

De ljip hat it minder goed dien. In soad piken hawwe it net oprêden yn de droege maitiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)