Aksje plysje tsjin fandalisme

27 jul 2011 - 15:34

Fandalisme moat vaker oanjefte fan dien wurde. Dêrom is de plysje fan It Hearrenfean in anty-fandalismeprojekt begûn. Dat moat derfoar soargje dat fandalisten earder pakt wurde. Fan 'e wike wurde yn de Fûgelbuert briefkes útdield mei as doel dat minsken faker oanjefte dogge. De plysje wurket gear mei ferskate partijen, lykas de gemeente en it wykteam. As it projekt in súkses wurdt, wol de plysje it útwreidzje nei oare wiken op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)