Rjochtsaak oer wentuorren

27 jul 2011 - 14:04

Projektûntwikkelder Komen en Zonen út Heerhugowaard moat de gemeente Weststellingwerf mear as 60.000 euro betelje. Dat hat de rjochter bepaald. De ûntwikkelder is nei fjouwer jier út in projekt stapt foar twa wentuorren yn Wolvegea. Dy soene dêr ûnder arsjitektuer boud wurde. De tuorren hiene it fisitekaartsje fan de nije wenwyk Lindewyk wurde moatten.

De gemeente fielt him bedondere troch de ûntwikkelder en stapte nei de rjochter. Dy joech de gemeente gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)