Feefoer út algen

27 jul 2011 - 13:33

Kelstein yn Hallum hat alle papieren om feefoer út algen te meitsjen. It earste produkt is in slikstien foar kij. Dat is tagelyk ek it allerearste kommersjele produkt makke út algen.

Trije jier ferlyn woe de algebuorkerij al biodisel út algen meitsje, mar dat koe net út. Kosmetika en medisinen fan algen komme der foarearst ek net. Foar it feefoer is al in leveransier fûn. Yn algefeefoer sitte mineralen dy't maklik troch it fee opnaam wurde. Der binne ek plannen foar algekrêftfoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)