Net meane fanwege wietens

De Alde Feanen
Troch de grutte bakken reinwetter rint it meanen yn natuergebiet De Alde Feanen achter. Hûnderten bunders lân yn it nasjonaal park ferrûgje no. Yn guon gebieten moat it gers der wol ôf foar de greidefûgels takom maitiid.
Eins soe fan heal juny in soad meand wurde moatte, mar dat hat net lang duorre. Foar de blommen en planten binne de gefolgen fan it reinwetter netg grut. Mar as der minder of gjin hea fan it lân komt, skeelt dat It Fryske Gea wol jild.