Kamera fan terrastafel stellen

27 jul 2011 - 11:48

Op 'e Lemmer binne in man en in frou út Wassenaar oppakt foar it stellen fan in digitale kamera. Dy lei op in taffeltsje by in hoarekagelegenheid. De eigner fan de saak seach de dieverij. Hy koe it dieveduo sels oanhâlde neidat se útnaaid wiene.

Op it plysjeburo ûntkenden se de stellerij, mar it wie te sjen op bewakingsbylden. De stellen kamera is noch net weromfûn. Mooglik leit er yn de auto dy't yn beslach naam is. De auto wurdt woansdei trochsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)